20231027 162005 bieb

Yn ús Mienskipshûs – ûnderdiel fan gebou De Kjellingen – hat Lokaal Loket in bibleteek realisearre. De boeken dy’t dêr steane binne troch de Eastermarders sels ynbrocht en der kin dus mei rjocht sprutsen wurde fan in doarpsbyb.
Der steane sa’n 100 Fryske boeken en it tal Nederlânske titels sil om-en-de-by de 500 wêze. De ynbring fan ús doarpsgenoaten wie sa grut, dat de earste opstelling al gau hielendal fol wie en Peet de Boer hat der okkerdeis rom 10 meter boekeplanken by monteard. 

By sa’n ynbring ûntkomme je fansels net oan dûblueres. Sa binne der fjouwer eksimplaren fan ‘Knielen op een bed violen’ (fan Jan Siebelink) ynbrocht. By de Fryske boeken binne der bygelyks in tal dûbelde titels fan Ype Poortinga’s folksferhaleboeken. Al dy dûbelde, of somtiden trijedûbelde, boeken fergje ek romte. Dêrom hat ‘it bybbehear’ besletten om dizze dûblueres ôf te stjitten.

Eastermarders dy’t sljocht binne fan lêzen kinne se sa út de doarpsbyb weihelje. It giet om lyts 20 Fryske titels en sa’n 10 Nederlânske. Dus as der wat yn it Mienskipshûs te dwaan is, rin deryn en helje sa’n dûbeld oanlevere boek op.
Dy lizze yn de kast by it oanrjocht yn de bibleteekromte.
Fansels bliuwt it gewoan lienen fan in boek en it werombringe as it út is ek mooglik.

Lokaal Loket