It doarpsfeest is goed en gesellich úteinset mei in Schlagerfestival. Yn de tinte stienen lange tafels, it bier smakke Dútsk en mannich doarpsgenoat wie der spesjaal op klaaid. Koartsein, de sfear op it doarpsfeest 2011 siet der fuortendaliks goed yn. Twa fleurige en ien jodeljende presintatrise, in echte sjuery en de muzyk: alles wie der klear foar. De ferskate buertferienings koenen de striid oangean. De acts wienen allegear fan heech Dútsk nivo, sadat de sjuery it der mar dreech mei hie. Mar men kaam der út en de Kamp gie mei de earste priis nei hûs. Idols gelyk mocht dizze buert de act oan de ein nochris opfiere.

Frysk Schlagerfestival

Oar doarps- en ferieningsnijs:
Ek nijsgjirrich: