Doarpsgenoaten,


Ferline jier ha ik in stikje skreaun oer de jildlike bydrage foar it doarpsfeest. Meikoarten komme de buertfertsjintwurdigers wer del om dit op te heljen. Ik jou no net wer in útiensetting fan ús kosten, mar wol jim dochs freegje om net te sunich te wêzen as jo it doarpsfeest in waarm hert ta drage.
Wy ha eins noch in € 7500,= noadich oan bydragen.

Om it doarpsfeest op dizze manier yn stân hâlde te kinnen, soene alle ynwenners, fan lyts oant grut, € 5,= euro jaan moatte, of alle húshâldingen sa’n € 15,= . Praktyk is dat net elkenien wat jout, dus dyjingen dy’t al meibetelje soenen dan eins al sa’n
€ 25,= per húshâlding jaan moatte.
Wy wolle net ien der ta oansette om mear te jaan as mooglik is en elkenien bliuwt like wolkom!  Mar wy wolle eins gjin entree heffe by de tinte.
Dêrom wolle wy jim freegje om, as it kin, dochs per húshâlding minstens € 15,= te jaan en as it écht lije kin in bytsje mear. Mar boppe alles: it moat wol kinne!

Deselden dy’t foarhinne al wat mear joegen, moatte no net tinke: wy minderje mar wat! Want dan komt it ek wer net goed fansels. Wêr’t it mear lije kin graach wat mear. Hâld dit mar as minimum oan.

As jo efkes neirekkenje is dit eins ek net iens djoer want: in bytsje piratefeest of oar optreden yn in grutte tinte kostet ek al gau € 15,=  p.p. en de konsumpsjes € 2,= . By ús ha jo foar dat jild konsumpsjes foar € 1,50, trije jûnen muzyk en dûnsjen, as it mei sit fuotbal op in grut skerm, toaniel, teaterfoarstelling Baas boppe Baas (kost op oare plakken fan € 7,50 oant € 15,= p.p.), spultsjes foar de buerten, diske- en feemerk, sigaarroken, darten mei Piet Miedema en de bruorren Blom, âlde brânwachtauto’s op ‘e merk en neam mar op. Alles kostet jild. Wy rekkenje op jimme meiwurking.

De buertfoarstellingen wurde tongersdei 26 juny fan 18:00 oere ôf beoardiele troch de sjuery. Us skûtsjeskipper Geale Tadema nimt dizze taak dit jier foar syn rekken. As jo de ‘levende’ foarstellingen (û.o. Blauhûskamp en Mâle Hoarnstbuert) op syn moaist besjen wolle, dan soene jo der dan by del moatte.

De kaarten foar de rûnflecht yn ‘e hely binne op 24 en 25 juny fan 19:30 oere ôf yn ‘t foar yn ‘e tinte te keap foar €22,- p.p. Wy kinne 150 kaarten ferkeapje. Op = op dus om teloarstelling foar te wêzen: kom op ‘e tiid!

Oant sjen op ús feest.

De feestkommissie,
Cor Brouwer  

Oar doarps- en ferieningsnijs:
Ek nijsgjirrich: