Op de dei fan de boekpresintaasje, 23 maaie 2014, organisearret 'Tresoar' in bustocht. De tocht duorret de hiele dei en is ynklusyf middeisiten. Marianne van Zuijlen (Meertens Instituut) en ferhaleferteller Douwe Kootstra wurkje mei oan dizze bysûndere dei. Der wurdt bygelyks ek ho-hâlden by de pleats fan Auke de Jong yn Eastermar, dy ’t wat sjen litte sil fan de gebrûksfoarwerpen en de folkskeunst út ‘e samling fan syn omke Dam.

De tocht giet middeis ek nei Theater Meerzigt in Eastermar, dêr’t de dielnimmers de presintaasje bywenje fan de ferhalebondel ‘Mearkes út ‘e Wâlden’ fan Dam Jaarsma. De presintaasje begjint om 15.30 oere en elk dy ’t it boek besteld hat, kin it hjir meikrije. Nei ôfrin rydt de bus werom nei Ljouwert.

 Op 23 maaie om 9.30 oere start dizze literêre bustocht by Tresoar yn Ljouwert.

Opjefte kin fia de e-mail info@tresoar.nl of telefoanysk by Petra Bierma of Marja de Graaf op de nûmers 058 -789 0 740 resp. 058 - 789 0 792.

 Foar mear ynformaasje en oanmelding kinne jo ek terjochte op de webside fan Tresoar:  http://bit.ly/1nHRfpv

autobus Hofstra

Ander nieuws van st. Dam Jaarsma: