Ofrûne saterdei ha de spilers fan it V.V.E.-flaggeskip de finale berikt fan ‘e neikompetysje klasse 4-klasse 5. Dat sukses waard behelle troch yn en tsjin Arum in 2 – 5 útslach del te setten. Konsekwinsje fan dizze sportive boppeslach is dat ‘ús jonges’ op 15 juny de beslissingswedstriid om wol-of-net promoasje nei de 4-de klasse KNVB op neutraal terrein spylje moatte.

De wedstryd wurdt spile tsjin Oostergo 1 op it fuortbalfjild fan VV Zwaagwesteinde (De Westereen) om 14.30 oere.

Johan Cruyff melde al: ”Ieder voordeel, heb se nadeel”, want troch dy beslissingswedstriid is it nedich om it programma fan it V.V.E.-jubileum op saterdeitemiddei 15 juny oan te passen. De organisaasje fan ‘e Kantinekwis (Cor Brouwer en Eelke Hoekstra) hat besletten om dy aktiviteit út te stellen, want in soad dielnimmers oan ‘e kwis wolle de neamde wedstriid bywenje en dat is net te kombinearjen fansels.

Oer it hoe-en-wannear komme noch neiere meidielings.

De oare aktiviteiten fan dy dei: de jeugdclinic fan (14.00 o. op De Burgerkamp) en de feestjûn/reüny (18.30 o. yn Burgerkampkantine), wêr’t elts wolkom is, gean wol troch!

Jubileumkommisje V.V.E. 50 jier

logo vveastermar

 

Oar doarps- en ferieningsnijs: