It ‘Eastermarruters Paardenspektakel’ - saterdei 8 septimber 2007

Op de 2e saterdei yn septimber organisearje de Marruters al wer foar de 9e kear it ‘Eastermarruters Paardenspektakel’.

Dit jier mei noch wer mear dielnimmers: mear as 60 ruters en sa’n 60 oanspanningen sille yn en om Eastermar hinne aktyf wêze. Foar de organisaasje fansels geweldich dat der sa’n belangstelling is. Spitigernôch wie it net mooglik om de minsken fan ‘e wachtlist ek noch starte te litten, dan soe it nachtwurk wurde!

De dielnimmers moatte ûnderweis in fotopuzzel oplosse en 6 hindernissen nimme op ferskillende lokaasjes.

De start (fan 8:30 oere ôf) en de finish, mei de lêste spektakulêre wetterhindernis, fine plak by it rydterrein fan de Marruters oan de Lange Geestloane op it Heechsân. Hjir is ek de rûte te krijen én in hapke en in drankje. Om-ende-by 17:00 oere ferwachtsje we de priisútrikking.

It tema dit jier is ‘Halloween’, de dielnimmers dy’t der it yslikst útsjogge kinne in prachtige hynstetekken winne.

De ‘Jan Plesier’ rydt fan 11:00 oere ôf wer fergees stikken fan ‘e rûte. Oant 8 septimber!

Organisaasje
‘Eastermarruters Paardenspektakel’

Om yn de stimming te kommen, kin men in reportaazje mei foto's fan it 'Paardenspektakel 2006' besjen.

Image
foto: Harmke Paulides

Oar doarps- en ferieningsnijs:
Ek nijsgjirrich: