En it 10-de 'Eastermarder Paardenspektakel' sit der alwer op...

wetterbak2.jpg

Mei prachtich waar (en we witte no al dat dat kommend jier wer sa wêze sil) wie it wer in prachtspektakel. It 10-jierrich jubileum, mei dit kear seis hindernissen en in moaie puzelrûte troch it grien, wie foar alle dielnimmers in geweldige gelegenheid om Eastermar fan syn moaiste kant te besjen.

(Guon bedarren sels yn Harkema... )

Wêr't men yn Eastermar en omkriten ek mar wie, oeral wie it lûd fan hynderhoeven. Net frjemd mei in dielnimmerslist fan sa'n 60 riders en 60 menners. De earste dielnimmer starte om 8.30 oere en om 17.00 oere hinne wie eltsenien werom op it thúsplak fan de Marruters en wie de priisútrikking.

Fotografie Meinema hat ek foto's makke.

Utslaggen del te heljen as excel of word dokumint:

Utslaggen-totaal
Utslaggen-mennen
Utslaggen-ohz
verloting-puzzelrit-enz

Oar doarps- en ferieningsnijs:
Ek nijsgjirrich: