It Skûtsjelied

troch de Hillige Boantsies

 

In nij skûtsje, klasse C.
Eastermar helpt, net ien seit der nee.
Tadema giet foarop en elts docht mei.
It skûtsje wurdt wer sa goed as nei.
IFKS: wy binne ré, wy dogge mei.

Earste wedstriid, earste start.
Boel oan flarden, de brut yn’e war.
No net stuitsje, de kop derfoar. Sile mar.
En wat gebeurt? Tadema wurdt nûmer twa.

Alle dagen fier foaryn.
Yn elk rakje en ek foar de wyn.
Eastermar rint leech, eltsenien giet mie.
Men giet nei de silerij, dei oan dei.
IFKS, let no mar op, wy dogge mei.

Moai oer stjoerboard…………………… Troch de wyn
Bakboard fierder, elts helje sy yn.
Tadema ropt: wy gean oerstag, bin’ jim ré.
Want folgjend jier sile wy yn klasse B.

Oan de sik ta dweiltroch wiet.
Mar dat jout neat, sa moai as it giet.
Eastermar sylt, se brûze sa út de C
En folgjend jier sile sy yn klasse B.

Promoveare, ’t earste jier.
Gaele laket. Elts sjocht like blier.
Eastermar sylt, it hiele doarp ropt HOERA
Foar silende boerkes en foar Tadema
Eastermar sylt, it hiele doarp ropt HOERA
Foar silende boerkes en foar Tadema'S

 

Melody

Oar doarps- en ferieningsnijs:
Ek nijsgjirrich: