sop saterdei

Yn jannewaris, as de krysttiid efter ús leit, wachtet ús, miskien noch wol mear as oare jierren, in stil en griis begjin fan it nije jier. In tiid dy’t dreech wêze kin foar minsken dy’t iensum binne of troch sykte of omstannichheden net folle om hannen ha. Om ek yn it nije jier each foar elkoar te hawwen, wolle wy it Ingeleprojekt yn jannewaris graach in ferfolch jaan troch saterdei 23 jannewaris út te roppen ta ‘Sop Saterdei’. 

Op ‘Sop Saterdei’ wolle wy doar oan doar sop útdiele. Hjirfoar diele we it hiele doarp yn yn lytse streekjes dêr’t doarpsbewenners yn twatallen by harren buorlju lâns geane mei in pantsje sop. Foar dizze aksje sykje wy frijwilligers; twatallen om sop bylâns te bringen én sopsieders.

Dogge jo mei?

Wy sykje 50 minsken dy’t op 23 jannewaris yn in stikje fan it doarp mei sop by de doarren lâns wolle. Jo kinne jo allinnich of yn twatallen opjaan. Wy dogge ús bêst jo safolle mooglik yn jo eigen strjitte yn te dielen, mar dat sil fansels ek ôfhingje fan de opjefte. 

Dêrneist sykje we 50 minsken dy’t op 22 of 23 jannewaris in grutte panne sop siede wolle. Fansels kinne jo ek oanjaan dat jo sels it sop siede én bylâns bringe wolle! Wolle jo graach meidwaan as sopsieder mar binne de kosten dêrfoar te heech? As jo it yn’t foar efkes oanjouwe, kinne jo de bontsjes nei ôfrin by ús ynleverje. 

Wy hoopje op genôch sopsieders, sadat alle twatallen genôch sop ha om út te suteljen. Mocht dat net slagje, dan sille we jo freegje om yn jo eigen netwurk in keukenprins(es) te finen dy’t jo helpe wol. 

Wy hoopje op ’e nij op in slagge aksje!

Opjaan kin fóár 9 jannewaris fia it mailadres krystingel@gmail.com of fia in telefoantsje nei Wietske v.d. Zee, 06-15137222. Wy sille dan foar 16 jannewaris kontakt mei jo sykje oer jo rol op ‘Sop Saterdei’.

Annet Hamstra, Wietske van der Zee, Tjitske Zeilstra, Hetty Kramer en Jantsje van der Veen

Oar doarps- en ferieningsnijs:
Ek nijsgjirrich: