Yn de BREEDút fan septimber 2008 stie dizze foto (makke troch Rienk Vlieger) fan it troch de provinsje pleatste boerd by ús swimplak oan ‘e Burgumer Mar. Oei, wat in missers!
Sûnt 1989 wenje wy yn Eastermar, is de namme fan ús gemeente Tytsjerksteradiel en hat de provinsje séls yn 2007 alle wetternammen ferfryske. It is no de Burgumer Mar...
De provinsje wol de ynwenners fan Fryslân ferliede om mear Frysk te brûken.
Dêrfoar is it budzjet foar taalbelied mei € 300.000 ferhege nei € 405.000! Mei dat jild wol de provinsje it Frysk ‘sichtberder meitsje op 'e dyk'. Mar kloppet dat stribjen wol mei it Frysk dat de provinsje séls op de buorden ‘op en oan ‘e dyk' set?
Doe't de FNP der yn de gemeenteriedsgearkomste fan 25 septimber 2008 op wiisde dat dit boerd no net fuort in foarbyld is foar it konsekwint útfieren fan it eigen provinsjale Fryske taalbelied, reagearre de krekt op ‘e nij foar seis jier beneamde boargemaster fernuvere en stelde dat it boerd fuort de oare deis ferwidere wurde moast! Dit raasde oan de protters. Aksje!
Wethâlder Houkje Rijpstra, dy't ‘Frysk' yn 'e portefúlje hat, wie it folslein mei Polderman iens dat der aksje nei de provinsje ûndernommen wurde moast.
Mar, ein desimber, in fearnsjier letter, wie der fan weiheljen en aksje! noch gjin sprake.
Doarpsgenoat Wijbe Postma, riedslid, hat doe op eigen manneboet én risiko it boerd ferwidere en it op de riedsgearkomste fan 29 jannewaris letterlik ynbrocht as punt op ‘e aginda.
-
-
- Informatie
- 26 maart 2024
Preamsilen op de mar: 4 maaie 2024
Lykas ferline jier sil ek yn 2024 de Burgumer Mar wer it toaniel wêze fan ferskate wedstriden fan de... Fierder lêze » -
- Informatie
- 24 maart 2024
Keningsdeifeestje
Kontaktpersoan: Frieda FaberTelefoan: 06-21262256 Fierder lêze » -
- Informatie
- 24 maart 2024
Gerbrich & It Grutte Guod t.b.v. World Servants
Op donderdag 4 april treden Gerbrich & It Grutte Guod op met hun programma Trav'lin in the footsteps... Fierder lêze »
-
- Informatie
- 11 september 2023
Brug Skûlenboarch gestremd 13 - 14 september
In opdracht van Rijkswaterstaat worden door de Combinatie Heijmans/Swarco onderhoudswerkzaamheden aa... Fierder lêze »