Allegearre al lêzen? It liket spannend by ús papieren ekwivalint: ús doarspkrante 'BREEDút'. It giet mar tuike-tuike mei de finansjele stipe, it (frijwillige) lêzersjild. Eartiids gie dat altyd mei sa'n handige aksept-giro, mar dy service biedt de bank net mear. Dêrom docht de redaksje it freonlike mar driuwende fersyk om €10,- lêzersjild oer te meitsjen op rekkennûmer 3498 19 238 op namme fan Doarpskrante Eastermar. In bytsje mear mei fansels ek....

Yn it slimste gefal is it aanst dien mei de krante en sille we him hjir ek net mear as pdf pleatse en kinne Eastermarders om utens dy't gjin abonnemint ha, ek net mear op 'e hichte komme fan it riden en farren yn Eastermar, dêr't de krante sa karakteristyk melding fan makket!

En it is sa simpel: op dit stuit sitte jimme, lêzers, allegearre op it ynternet en wa bankieret tsjintwurdich no net fia it ynternet?! (bygelyks fia de Rabobank ) en meitsje periodyk yn april €10,- (of in bytsje mear) oer. Dan sjogge wy jo aanst wol wer op Eastermar.nl.

rabo_breedut

Oar doarps- en ferieningsnijs:
Ek nijsgjirrich: