Mei troch it Easterbarren en it moaie waar, leit de haven op de Komerk aardich fol. It is der in gesellige drokte fan boaten, boatsjeminsken, boartsjende bern en hûntsjes. De measte boatsjeminsken binne ôfkaam op it Easterbarren en lizze, mei de útwreiding fan de Easterbarrenrûte, mei harren boat op in daaldersk plakje, wat it strjitfestival oanbelanget.

Bewenners fan it Waltsje fine it prachtich, al dy drokte. "Dit wie de bedoeling" sei ien fan de bewenners dy 't fanút de tún útsjoch hat op alle warberens op de Komerk.

Image

Oar doarps- en ferieningsnijs:
Ek nijsgjirrich: