Alle Eastermarders en oare lêzers fan Eastermar.nl in lokkich en sûn 2008 tawinske!
De Nederlanners hawwe dizze âld en nij foar 60 miljoen euro de loft ynsketten. De restanten fan dit gigantyske bedrach moasten op nijjiersmoarn fansels al wer opromme wurde.
Edou Ritsma wie alwer yntiids yn it spier om de boel op te feien.
Nijjiersdûk by de Leien: "It spul kin dy der wol ôffrieze!"
Noch grau fan de oaljekoeken en appelflappen, in stik pine holle of noch dôf fan it karbidsjitten. De dielnimmers fan de nijjiersdûk by it teehûs de Leijen moasten der oan leauwe. In wettertemperatuer fan om de 0 graden hinne. Jawol jo lêze it goed: nul graden, it iis lei der yn. Boppesteande reaksje fan in taskôger wie dan ek net alhiel om 'e nocht. Ek in pear Eastermarders weagen har oan it kâlde wetter. Sjoch jûn ek mar efkes nei Omrop Fryslân foar in ferslach.
-
- Informatie
- 29 maart 2024
Agenda ALV Doarpsbelang
Op dinsdag 16 april om 19.30 in de Hege Stins is er een ALV van Doarpsbelang. In deze pdf leest u de... Fierder lêze » -
- Informatie
- 28 maart 2024
Nijs fan de Iterstùn en it Itersbosk
Groene lentekriebels in de Iterstún: er zijn ladingen groenten gezaaid die straks geplant worden op... Fierder lêze » -
-
- Informatie
- 26 maart 2024
Preamsilen op de mar: 4 maaie 2024
Lykas ferline jier sil ek yn 2024 de Burgumer Mar wer it toaniel wêze fan ferskate wedstriden fan de... Fierder lêze »