Saterdeitemiddei hat in groepke leden fan GrienLinks-Tytsjerksteradiel ús doarp ferkend.

Hja makken in kuier troch de buorren. Dizze aktiviteit wie in gefolch fan it 'keapjen' fan dizze doarpskuier op 'e feiling dy't ús gemeentebestjoer yn septimber organisearre hie om jild by mekoar te krijen foar de Simavi-aksje 'Wrâldmemmen'. Doarpsgenoat Wijbe Postma hie dit rûntsje troch Eastermar as kavel ynbrocht.

It selskip fan sân minsken hat earst in besite brocht oan it bedriuw fan Maatskip Atsma oan 'e Lytse Hoarnstwei. Dêrnei waard útlis jûn oer it nije wetterboartersplak en De Kjellingen besjoen. By dit multifunksjonele gebou waard de begelieding fan 'e groep efkes oernaam troch Loltsje van der Zee, ien fan ús doarpsgidsen. Hja naam de ploech mei troch de Beimastrjitte en brocht de gasten op 'e hichte fan wat der oan karakteristike pânen yn 'e doarpskearn te sjen is (foto). By it skûtsje op 'e brêge-ein naam Wijbe it wer fan Loltsje oer. Hy fertelde de gasten wat oer ferskillende skûtsjesaken. It leste ûnderdiel fan 'e kuier wie in slach oer 't rekreaasjegebiet De Komerk. Mei in bakje kofje en in stikje gebak waard yn De Zandloper dizze slagge ferkenning fan ús doarp ôfsletten.

IMG_0602

Oar doarps- en ferieningsnijs: