Hiel even liket it mis te gean en moasten Tom Dumoulin en syn maten hohâlde foar de Litsbrêge. Want it ljocht foar de wachtsjende skippen stie al op grien. It sil dochs net!?
Mar ek al is Eastermar it wachtsjen wurdich, de kopgroep en it peloton raze yn flits by it doarp del, oer de brêge, op Dokkum oan. In kopgroepke fan sân renners rydt op 2.30 minút foarsprong.
Sagau't de karavaan foarby is, geane de slachbomen ticht en de brêge iepen. Goeie timing!
Boargemaster Oebele Brouwer fan Achtkarspelen, dy't fan eigen skip ôf it spektakel yn de gaten hold, kin wer ferromme sykhelje.
Mear oer de Benelux Tour op dizze side.
Slomofilmke fan it peloton, mei tank oan René Hofman.
-
- Informatie
- 28 maart 2024
Nijs fan de Iterstùn en it Itersbosk
Groene lentekriebels in de Iterstún: er zijn ladingen groenten gezaaid die straks geplant worden op... Fierder lêze » -
-
- Informatie
- 26 maart 2024
Preamsilen op de mar: 4 maaie 2024
Lykas ferline jier sil ek yn 2024 de Burgumer Mar wer it toaniel wêze fan ferskate wedstriden fan de... Fierder lêze » -
- Informatie
- 24 maart 2024
Keningsdeifeestje
Kontaktpersoan: Frieda FaberTelefoan: 06-21262256 Fierder lêze »