Yn 2019 bestie it 4-stimmich mingd koar Koardinaasje út Eastermar 10 jier. De lieding is yn hannen fan Frank van Dijk. Dit jubileum ha wy fierd mei in optreden by Omrop Fryslân yn it programma Noardewyn live en mei oare feestlike eveneminten, organisearre troch in jubileumkommisje.

Wy slute dit jubileumjier ôf mei in Midwinterkonsert yn De Hege Stins yn Eastermar. Op saterdei 21 desimber sille wy yn 'e mande mei 'Mear Brass' – besteande út 'De Bazuin' Rottefalle en 'Looft den Heer' Garyp ûnder lieding fan Anne v.d. Sluis – in optreden fersoargje mei bekend en nij repertoire yn ferrassende kombinaasjes.
Op 21 desimber begjint it om 20.00 oere yn De Hege Stins, Toerleane 12-14 yn Eastermar. De Tagongskaarten binne € 5,- oan de seal of fia koardinaasje@gmail.com
Koardinaasje pleinfoto