Op 3 maart hat de Eastermarder jongerein him de longen út it liif rûn foar de fuotbal- en basketbalkoai dy't se sa graach hawwe wolle.

sponsorloop_3_maart_2009

Op dizze webside is der al faker oandacht foar frege: de Eastermarder jongerein hat sels aksje ûndernaam om ta sa'n prachtich sportplakje te kommen.
De ôfrûne tiid ha se by de doarren lâns west om finânsjele stipe te freegjen oan wa't dat jaan woe. Minsken koene in bedrach ynienen tasizze, of in bydrage jaan per rûntsje dat de jeugd hurddrave moast. En hjoed wie't safier!

Fan kertier oer twaën ôf rûnen earst de groepen 1, 2 en 3: om kertier foar trijen de groepen 4, 5 en 6 en dêrnei, om kertier oer trijen, kamen de âldsten fan groep 7 en 8 oan bar.

Om mar sa gau mooglik fuotbalje en basketbalje te kinnen op harren eigen plakje, draafden se omraak rûntsjes op it Eastermarder sportpark de Burgerkamp.

sponsorloop_collage

Foar minsken dy't noch in finânsjele stipe jaan wolle en dy't net benadere binne om te sponsorjen: nim kontakt op mei de Balsemyn of De Bolster, dy't de sponsorloop yn 'e mande mei de inisjatyfnimmers organisearre ha.

De jeugd sil jim tige tankber wêze...

 

 

Oar doarps- en ferieningsnijs:
Ek nijsgjirrich: