Under hast perfekte waarsomstannichheden (snertwaar by it Snertbarren: hoe krije se it yn Eastermar dochs altyd sa moai regele...) fûn it jierlikse Snertbarren yn Eastermar wer plak.
It ferslachje fan de organisaasje stiet hjirûnder:

050-1
054

It wie de hiele wike spannend: wat soe it waar dwaan, moat it trochgean of net?
Saterdeitemoarns noch oerlein en dochs mar besluten om troch te setten. Ek om't de dielnimmers de snert al klear hienen; der giet fansels in tal dagen fan tarieding oan foarôf. Oant healwei seizen gie it ek goed mar dêrnei hienen we, njonken de snert, ek echt snertwaar. Nettsjinsteande dat feit wie der dochs in grut publyk en kinne jo sjen dat de Eastermarders net sa gau thús bliuwe.

Der wienen 14 snertsierders en fansels 'De Parel' en 'It Breed' dy't  alle jierren in hiel grutte panne snert meitsje foar de kuierders en dat ek nochris fergees! De sjuery hie de hannen wer fol mar koe nei alle plussen en minnen de trije prizen bekend meitsje:
Tredde wie A. Scholten dy't foar de earste kear meidie, twad Oebele Brouwer (der waard sein dat syn frou de snert makke hie...) en earste de man dy't al faak yn 'e prizen foel: Bonne Benedictus.

De opbringst fan dit Snertbarren giet nei KIKA (de opbringst wurdt dizze wike noch bekend makke). Hannah en Marije organisearren in ferlotting mei as priis in prachtige houten slide. De beide froulju binne al langer drok dwaande om jild yn te sammeljen foar KIKA en de jûns mochten se de opbringst sels oerlangje oan Robert Veenstra, foarsitter fan SC Heerenveen. Dy fuotbalklup docht ek hiel wat foar KIKA en sadwaande wie Veenstra yn Eastermar om it jild yn ûntfangst te nimmen. Hannah en Marije krigen fan de foarsitter in oantal kaarten foar in wedstriid yn it Abe Lenstra stadion. Veenstra hat ek symboalysk de opbringst fan it Snertbarren oanbean krigen middels in moai boerd makke troch in griperige Minne.

Wy wolle Adrie de Boer noch betankje dy't, ek al kaam de rein mei bakken út 'e himel, noch in moai optreden fersoarge en in part fan syn gaazje foar KIKA bestimde. Fierder noch tank oan TIP dat de kuiertocht organisearre en de opbringst dêrfan ek foar KIKA ornearre. Fierder tank oan Simon Dijkstra foar it brûken fan de muzykapparatuer. En, út soarte, tank oan 'Ondernemersvereniging Eastermar' dy't it grutste part fan de kosten foar har rekken naam. En oan alle frijwilligers en alle minsken dy't we fergetten ha.
 
Ut namme fan de Snertbarrenkommisje: Allard, Albertha, Minne en Jannes.

 

 

Oar doarps- en ferieningsnijs:
Ek nijsgjirrich: