Téater'Meerzigt' Eastermar
Datum:               16 maaie 2009
Optreden fan:     ROON STAAL, sjonger, komponist en pianist
Oanwêzigen:       sa’n 60 persoanen

Om likernôch 20. 00 oere stelt Ada Roelants Roon Staal foar oan it oanwêzige publyk en fertelt
dat Roon in omkesizzer is fan Ede Staal, de ferneamde Grinzer sjonger, dy’t in tal jierren lyn
ferstoarn is. Soe Roon as artyst op syn omke lykje?
Ada fertelt dat Roon nei it earste kontakt in hiele middei by harren yn Meerzigt west hat om de sfear te priuwen fan it smûke teater dêr’t er optrede sil. Der binne grif net folle artysten dy’t de muoite nimme om dat foar it optreden te dwaan.
Roon sit efter de swarte piano, in jonge man fan 28 jier mei in bosk blond krold hier. Op’e piano steane lytse blokboekjes en der leit in segingetûkje.
Roon eaget wat sêft mar de klanken dy’t er út’e piano hellet binne krêftich en hiel melodieus. As syn stim derby komt kriget it liet noch mear klank en kleur.
Roon sjongt yn it Ingelsk en yn it Nederlânsk en komponearret syn eigen meldij en skriuwt ek de teksten dêrby.
Syn genre is foaral de frede, de leafde en it respekt foar elkoar en foar de wrâld.
Hy is gjin ‘protestsjonger’ mar besjongt syn tema’s op in romantyske wize. Syn lichte stim, dy’t wol wat wei hat fan de stim fan Garfunkel, lient him dêr goed foar.
Tusken it sjongen troch pakt Roon hieltyd ien fan de blokboekjes fan de piano, hjir steane útspraken en siswizen yn  fan ‘grutte’ ferneamde wrâldboargers sa as Ghandi, Mandela, Churchil, Einstein en oaren. Roon lêst ús nei hast elk liet dat er sjongt in pear fan dy útspraken foar. Dy binne o sa wier en guon binne rûnom bekend mar it ferstekket it optreden fan Roon net neffens my.

It lêste liet foar it skoft is it iennige fan syn omke Ede Staal. Dit liet siet tusken de papieren dy’t nei syn dea foar it ljocht kamen. Alle lieten waarden mei it goeie gefoel foar de tekst songen mar 'Help me through the night', it liet fan syn omke, waard mei ynmoed songen en de wurdearring fan it publyk wie oan’e reaksje út’e seal  te fernimmen.
Roon hat al hiel wat ûnderfining mei it sjongen. Sa hat er yn ferskate musicals in rol spile. Bygelyks yn
‘Tommy’. En yn ‘Rembrand’ spile er de rol fan Rembrand syn soan Titus.
It suvere sjongen en it prachtige pianospyljen liken somtiden om foarkar te fjochtsjen mar waarden dochs hieltyd wer in ienheid. 
Nei it skoft song Roon: 'Bright eyes' en 'Bridge over troubled water', covers fan Simon and Garfunkel. Dy nûmers wienen him op it liif skreaun mei dy stim fan him, mar ek 'Imagine' fan John Lennon dêr’t er syn optreden mei ôfsleat song er hiel moai. It wie in jûn om te genietsjen en it ‘iepen doekje’ hie Roon echt fertsjinne.
Neidat er blommen  krige hie song en spile Roon noch in eigen komposysje as tajefte.
Nee, Roon liket as artyst yn neat op syn omke en dat is in pluspunt om’t Roon syn eigen styl hat.

It nageltsjebeamtûkje op’e piano hie in freondinne fan Roon dêr foar syn optreden  dellein. Soe it bydroegen ha oan  it súkses fan dizze jûn? In wie in aardich gebaar mar neffens my hat Roon it dizze jûn mei súkses op eigen krêft dien.

Lineke v.d. Meer

Oar doarps- en ferieningsnijs:
Ek nijsgjirrich: