Woansdei 29 septimber 2010 ha wy, dat binne de 'Broekophâlders', nei it 'Roosevelthuis' yn Doorn west. Dit is in fakânsjehûs foar minsken mei in fysike beheining, dy't dêr hinne geane mei frijwilligers. Dizze wike wie in Fryske wike. Trije froulju út Eastermar geane al ferskate jierren mei as frijwilliger: Durkje Brander, Annie Tadema en Tsjallie Tillema. Omdat der ek Eastermarders op fakânsje binne yn dat hûs, frege Annie ús oft wy ek  ris in jûn komme koene. Dat sadwaande!

It wie tige gesellich en koest sjen dat de fakânsjegongers it moai fûnen!

De 'Broekophâlders'

Fotoferslach Koen Tadema

Broekophâlders yn Doorn

Oar doarps- en ferieningsnijs:
Ek nijsgjirrich: