Fan 'e moarn hat de priisútrikking plakfûn fan de Sinteklaasaksje fan de 'Ondernemersvereniging Eastermar' (OVE). Yn de slachterswinkel fan Otte Boersma wienen om 10.00 oere de priiswinners útnoege om har priis yn ûntfangst te  nimmen.

ABA_6561

Neffens Sjouke Wijnsma wie de Sinteklaasaksje wer in grut sukses.  Goeie berjochten dus fan en foar de Eastermarder ûndernimmers.

ABA_6552-1

De famylje Halbersma krige de earste priis útrikt troch Sjouke Wijnsma, foarsitter fan de OVE: in midwike yn in bungalowpark.

ABA_6554-1

De famylje Hamstra wûn de twadde priis en Freerk en Janke meie in wykein yn in bungalowpark.

ABA_6566-1

De famylje Van der Bosch fan Droegeham wûn de tredde priis: in teaterbon.

Oar doarps- en ferieningsnijs:
Ek nijsgjirrich: