paardenspektakel1.jpg

De hiele dei wie it 'klopperdeklop' fan de hynders yn de strjitten fan Eastermar te hearen. In gesellich lûd, fine in protte minsken. Oer de hûndert dielnimmers hiene op de twadde sneon fan septimber prachtich waar en een prachtige rûte fol hindernissen en obstakels tidens it achtste Paardenspektakel, organisearre troch de Eastermarruters. De organisaasje sprekt fan in 'super slagge dei'.

It tema fan it Paardenspektakel edysje 2006 wiene de Midsieuwen.
De oanspanning fan Alie Elverdink-Schaap ut Boornburgum wie it moaist yn 'e pronk en hat de hynstetekken wûn. De organisaasje hie it hiel dreech want Hilda van Dijk en Janna Teakema wienen ek prachtige hofdames en Grytsje en Benedict Koopmans dan... of Jessica Jansen as jonkfrou mei hofnar Anita Senneker. En ús kening Dries van der Ploeg dan...
Sipke Hogendorp hat de ferlotting wûn (foar 75 Euro boadskipje yn it doarp).

Nei ôfrin fan it spektakel wie der op de maneezje oan de Lange Geestlaan in optreden fan de Eastermarder sjongeres Gerbrich fan Dekken. Alle reden om noch even hingjen te bliuwen en nei te praten oer al wer in geweldich barrren!

 

Oar doarps- en ferieningsnijs:
Ek nijsgjirrich: