burgerkamp logo

De doarpsfeiling fan 29 septimber is in grut sukses wurden. Der wie hope op in opbringst fan sa'n sân oant acht tûzen gûne. Mar by eintsjebeslút kaam de meter oant sa'n 12.000 gûne! Neffens wurdfierder fan de organisaasje Wybe Postma wie it 'in boppeslach'. By oanfang wie it noch net dúdlik dat it in poerbêste jûn wurde soe. Om tsien foar sânen wie der 'noch gjin kop' en ek it earste kavel, oanbean troch de gemeente, helle net it beëage bedrach. It jierabonnemint op it swimbad, normaal sprutsen sa'n 350 gûne wurdich, waard ynset op fl 200,--. Ynstee dat it by opbod omheech soe, wie de feilingsmaster twongen it foar fl 150,-- 'fuort te jaan'.
Mar even letter gong it spektakel dochs los en waarden der kavels foar fier boppe de priis ferkocht. In gewoane cake smiet fl 35,-- op. In kaart foar in wedstriid fan SC Heerenveen fl 200,--. Troch it tsjinoar opbieden wie in rûnrit troch Eastermar mei wein en hynder it hichtepunt mei achthûndert gûne.

Troch goed neitinken fan de organisaasje wie it in gesellich hin en wer rinnen fan 'feilinghal' nei de kantine en wer werom. En fansels hat it doarp der op 'e nei in unyk barren by krigen.

Fansels is it finansjeel gat fan 50.000 noch net tichte mar der is in aardige haal makke.

Oar doarps- en ferieningsnijs:
Ek nijsgjirrich: