"Doe't ik der hinnegie mei de auto joech de digitale termometer in heale graad boppe nul oan.
Sels hie'k de termostaat op in graadsje as tweintich tink ik, tige noflik. De oanlieding foar it autoritsje wie wat minder tropysk: de nijjiersdûk dêr't ek Eastermarders foar útnoege wienen.
1_januari_2010_052-1

De kraach wat omheech en in goed plakje sykje om te sjen wat dy 'helden' of miskien wol 'healwizen' úthelje soenen. It Reade Krús wie yn alle gefallen oanwêzich: defibrillator yn 'e oanslach, tocht ik...
Om 14.00 oere kamen der wat minsken oanskarreljen mei bleate skonken en mei in oranje mûtse op 'e holle; hja koenen ris in kâlde plasse krije...

It gewoane plakje (wat is gewoan yn sa'n gefal...) foar de nijjiers-swimpartij koe net brûkt wurde om reden fan iisfoarming. Rayonhaden dogge der in moard foar, mar dizze lju lei it iis nuver yn 't paad. Dan mar mei in trepke foarsichtich ôfdale yn in stikje iisfrij wetter. Ik moat sizze: de manlju wienen kâldbloediger as de measte froulju. Wêr't in oantal manlju noch in baantsje luts, koenen de measte froulju it net sûnder in yslike gjalp... en der rap wer út. Ik hie der alle begryp foar.
Eastermarders hie'k altyd al heech sitten, no noch mear: foar safier't ik it besjen koe wie der net ien Eastermarder dy't it weage. Logysk.
Op de weromreis seach ik dat it justjes kâlder wurden wie: de mjitter stie no krekt op nul. De kachel heech en wer op hûs oan. Miskien wie der noch wol in oaljekoek oerbleaun..."

 

 

Oar doarps- en ferieningsnijs:
Ek nijsgjirrich: