Gastles Dam Jaarsma

Yn ‘e nacht fan ôfrûne tongersdei op freed (19-20 des.) is der op I.B.S. ‘De Bolster’ in lesmaraton hâlden. De bern fan de boppebou lieten har foar dit heikerwei sponsorje en de opbringst fan dizze aksje - € 827,80 – giet nei ‘Serious Request’ 2013. Dizze nacht krigen de boppebouwers ferskillende lessen en fierden aktiviteiten út tusken jûns acht en de oare moarns acht oere. It wie dus in kwestje fan wekker bliuwe en de kop derby.
SR13 lesmarathon2

Dit wie in gaadlik momint om by in part fan de jeugd fan Eastermar it Dam Jaarsmajier 2014 te yntrodusearjen: tusken hynstemiddei (00.00 o.) en 01.00 oere kaam ik del om wat oer Adam (Dam) Aukes Jaarsma te fertellen. Om’t it sammeljen fan alderhanne saken in wichtich ûnderdiel fan Dam Jaarsma syn aktiviteiten wie, hie ik de bern earder yn ‘e wike frege om eigen samlingen mei te nimmen. Dêr waard omtinken oan jûn nei’t ien fan ‘e bern it portret fan Dam sichtber makke hie. Der wie in grut ferskaat oan samlingen: skulpen, kaaihingers, gomkes, neillakfleskes, ensfh.
SR13 lesmarathon

Doe waard efkes wat oer it libben fan Dam Jaarsma en syn samlingen ferteld: syn ansichtkaarten, de mearkes út oare lannen en de poesy-ferskes dy’t er skreaun hie. As opdracht krigen de bern dat se sels yn fiif minuten ek in fjouwerrigelich ferske skriuwe moasten. Hjir folgje wat fan har pinnefruchten:

Dieren groot en klein. 
Ik wil graag bij die dieren zijn. 
Je vindt het leuk of niet:
Ik wil graag een parkiet. 

Rozen zijn rood,
viooltjes zijn blauw. 
Ik dacht dat ik lelijk was,
Maar toen zag ik jouw. 

Ik ben lief,
maar soms een dief.
Ik ben leuk,
maar soms rook ik een peuk.

Ik heb een heel lief hondje,
Dat is meer dan 10 euro waard.
Ik gooi het niet in de open haard,
want soms heb ik een kort lontje.

Hjirnei waard der ferteld oer de grutte samling folksferhalen dy’t Jaarsma byinoar garre hie. Fansels kaam it ferhaal fan de boerefaam Lysbeth oan ‘e oarder en koenen de bern harkje nei it liet dat Doede Veeman oer har tryste lot makke hie. Ek de fantastyske ferhalen oer de ferneamde Jan Hepkes, de ‘Baron von Münchhausen fan ‘e Wâlden’, kamen foarby. Mar it meast ta de ferbylding spruts fansels it dwaan en litten fan Sterke Hearke út Droegeham. As ôfsluting fan dizze nachtlike les makken de bern in tekening oer ien fan de avontoeren dy’t se krekt heard hienen.

Op dizze wize waard in beskieden begjin makke mei it projekt ‘Dam Jaarsmajier’ dat yn it fierdere ferrin fan 2014 syn beslach krije sil.

Wijbe Postma (klik hier voor een fotoverslag gemaakt door Albert Bakker)
SR13 lesmarathon3

Oar doarps- en ferieningsnijs:
Ek nijsgjirrich: