Kijdûns

Eartiids wie 't allinne in feestje foar de kij en de boer, mar hjoeddedei is it in evenemint dat op Facebook en dizze side oankundige wurdt: it kijdûnsjen. En der kaam yndie flink wat publyk op it spektakel ôf.
Boer Pier Jan Boersma fan de Seadwei hie der in hiel oheden fan makke, dêr't mei namme de bern in protte wille fan hiene: even in de stâl sjen, komelke en fansels it hichtepunt: de kij dy't foar it earst dit jier wer it lân yn koene.
Sinneskynwaar, blide kij, fûgels dy't sjonge, opteine minsken: de maitiid is úteinset!

It fotoferslach is fan Hetty Thomson.

 

Oar doarps- en ferieningsnijs:
Ek nijsgjirrich: