Eastermar is dizze trije dagen wer ien grut doarpsfeest.
Flaggen en feestflachjes kinne wer wapperje. De sinne kin wer skine. It bier kin wer streame. It muzikale talint fan ús doarp kin tongersdeitejûn wer sjonge en spylje. De hynders hawwe sneon wer in plakje op it Breed . De buerten kinne de spultsjestriid wer oangean op freedtemiddei. De âlderein sil wer op 'e kofje by Teake van der Meer,  ensfh, ensfh. En fansels is de merke al wer los oan de ein fan de E.M. Beimastrjitte. It folsleine programma stiet hjir.

Wy winskje de feest-, diskemerk-, feemerk- en spultsjekommisje in hiele protte sukses ta! En alle Eastermarders, âld-Eastermarders en oare kunde in hiel noflik feest.

doarpsomropper

Oar doarps- en ferieningsnijs:
Ek nijsgjirrich: