Saterdei 24 april is it wettersportseizoen yn Eastermar iepene. Op de Komerk wie in grut shantykoar gearstald út wol acht besteande shantykoaren, mei yn totaal ûngefear 240 sjongers. De koaren kamen út hiel Fryslân. It gehiel stie ûnder lieding fan dirigint Willem Zijlstra út Beetstersweach. In wie in slagge middei mei tank oan it sinneskynwaar en it optreden fan it grut shantykoar.
De Komerk wie gesellich oanklaaid mei in terras, sitsjes en  parasols. By in patatkream en in fiskboer koe it publyk terjochte foar in flaubyt en fierder wie de catering yn goede hannen by de fam. Okkema.

shantyspektakel

De belangstelling wie goed en it is fêst foar werhelling fetber!
De útdaging foar de takomst is om ris in koar fan 400 à 500 persoanen nei de Komerk te krijen.

It gehiel is moogliik makke mei finansjele stipe fan it TIP (Toeristen Informatie Punt), stifting de Komerk en de OVE, de ûndernimmersferiening Eastermar.

Ut namme fan de organisaasje,
Jannes Hamstra

Oar doarps- en ferieningsnijs:
Ek nijsgjirrich: