Wat in drokte op 'e Beimastrjitte. Parkearoerlêst en rûnom groepkes keuveljende froulju. Wat bart der no wer yn Eastermar? Wy rinne it hiem op fan nr. 50. It liket wol in sêne út Midsomer Murders, mar dan sûnder lyk. Moai oanklaaide froulju yn Ingelske sfearen oerhearskje it tafriel. Tafels mei in grut ferskaat oan snypsnaren, beskildere diggelguod, glinsterjende sieraden, sjike shawls en holledoekjes, hearlik gebak en taart, swiete jam, quiltersguod, poppen en tassen, houten meubels, nifelwurk, it hâldt net op. Nijsgjirrige froulju besjogge, betaaste en beknipe de spullen dy't oanbean wurde. De keapfroulju efter de tafels ferjitte de oeren dy't sy yn har business stutsen hawwe no't beurzen út de taskes komme en der flink hannel dien wurdt. Oeral binne sitsjes om te bekommen en om tee te drinken mei de pink omheech. De pear oanwêzige manlju stoarje foar har út of tomkedraaie ûnrêstich. Dit is net har plak. Hjir dominearret de frou, dit is har domyn. Hjir kin eltsenien dy't fan nifelje, iten siede en oanklaaiing hâldt it hert ophelje.
De wat better ynformearre lêzer wyt al lang wêr't dit stikje oer giet. Wy binne op de 'skuorrefair' bedarre, in inisjatyf fan it Quitershûske. Mar leafst 12 standhâlders binne fertsjintwurdige. En sjoen nei de drokte is der ferlet fan sa' n barren want lang net alle besikers komme út Eastemar. Nee, út hiel Fryslân wei liket it wol. Eastermar libbet, brûst, ek sûnder hynstespektakel.
-
- Informatie
- 24 april 2024
Ea wedstrijdverslag skûtsjesilen Langwar
Na twee trainingen op de Burgumer Mar was het afgelopen weekend tijd voor de eerste wedstrijden van... Fierder lêze » -
- Informatie
- 22 april 2024
Doop skûtsje de Broekophâlder een feestelijk spektakel
Na een geslaagde tweede training op de Burgumer Mar stond de bemanning van skûtsje De Broekophâlder... Fierder lêze » -
- Informatie
- 17 april 2024
Factsheet herstel brug Skûlenboarch
Op 3 februari van dit jaar raakte de brug bij Skûlenboarch zwaar beschadigd door een aanvaring. Het... Fierder lêze » -
- Informatie
- 12 april 2024
Eastermar is...
…nije autoladerij foar it BetterSkip oer. Meikoarten yn funskje. Fierder lêze »
-
- Informatie
- 24 maart 2024
Keningsdeifeestje
Kontaktpersoan: Frieda FaberTelefoan: 06-21262256 Fierder lêze »