Freedtejûn 4 juny 2010, de lêste jûn fan de fjouwerjûnekuier fan Eastermar. Under in strakblauwe himel mei sinneskynwaar wie it in skitterjende kuierjûn. De lêste kilometer ûnder in hast hypnotisearjend ritme fan de Drum- & Lyraselection fan Wergea. Dat rint tige noflik kin ik út ûnderfining sizze...
fjouwerjunekuier_2010

Heiten, memmen, pakes en beppes lâns de rûte om de dielnimmers te beleanjen foar de sportive prestaasjes. Doe't ik noch in bern wie, wie it net oars. In prachtgesicht: it ferfeelt nea.
It oare jier rin ik fêst wer mei.

Oar doarps- en ferieningsnijs:
Ek nijsgjirrich: