Ôfrûne saterdei wie it earste BluesBarren yn Hotel Meerzigt. Wy woenen wolris wite oft Eastermar The Blues wol wurdearje koe. No, it wie tige slagge. Ungefear 50 minsken ha der west en ha de noflike 'niks moat, alles mei'- sfear preaun en dat smakket hooplik nei mear. Foar it skoft waarden der troch de BigBellyBluesBand 50 minuten lang ferskate nûmers spile, dêr't geregeldwei troch Sytse Wilkens it ferhaal efter de plaat ferteld waard. Dat jout dochs wat ekstra's.
Yn it skoft waard der oan 12 dielnimmers in workshop jûn en der waard wat oer de blues ferteld. Uteinlik binne der 2 nûmers ynstudearre. Oan de ein fan it twadde diel binne dizze twa nûmers troch de workshoppers mei de BigBellyBluesBand spile. Karst Tjoelker en Tjibbe van der Veen doarsten it oan en spylje ek in solo. Dat koe it publyk wol wurdearje! Sa't it no liket wie dit perfoarst net it lêste BluesBarren.
Ut namme fan de Blues Barren Boys: Michel
-
- Informatie
- 17 april 2024
Factsheet herstel brug Skûlenboarch
Op 3 februari van dit jaar raakte de brug bij Skûlenboarch zwaar beschadigd door een aanvaring. Het... Fierder lêze » -
- Informatie
- 12 april 2024
Eastermar is...
…nije autoladerij foar it BetterSkip oer. Meikoarten yn funskje. Fierder lêze » -
- Informatie
- 12 april 2024
Oud-Eastermarder Gepke Hoekstra exposeert in KAF
Studenten en alumni exposeren van 27 april t/m 5 mei in de werkruimtes van Kunstacademie Friesland m... Fierder lêze » -
- Informatie
- 12 april 2024
Bedankt Eastermarders
Al mear as 10 jier sammelet Eastermar moanliks produkten yn foar de Voedselbank Tytsjerksteradiel. Fa... Fierder lêze »
-
- Informatie
- 12 april 2024
Eastermarder music night tijdens Dorpsfeest
Beste Eastermarders,Dit jaar staat de 51e editie van het dorpsfeest op de planning! Wij zijn druk be... Fierder lêze »