Justerjûn is it doarpsfeest úteinset mei fansels omropper Sieb, in bernedisko en kabaret.
It doarpsfeest waard iepene troch de foarsitter fan de feestkommisje, Cor Brouwer. Op dizze nije lokaasje, de feesttinte op de Komerk, frege de foarsitter omtinken foar it feit dat it toaniel spitigernôch net trochgean koe. De begryplike en fertrietlike redenen waarden nochris troch Brouwer útlein.
Dêrnei wie it de beurt oan al wer in foarsitter, mar dan fan de ûndernimmersferiening OVE, Jannes Hamstra. De OVE wie fan betinken dat de braderykommisje ris yn de 'spotlights' stean moast: al 15 jier soargje dizze minsken der foar dat op de saterdei fan it doarpsfeest alle jierren wer in diskemerke fol ferdivedaasje realisearre wurdt en dat is wolris wat omtinken en in applauske wurdich!

Kabaret

De feestkommisje is, yn dy koarte tiid nei it ôfsizzen fan it toaniel, der yn slagge om foar in prachtich stikje ferdivedaasje te soargjen yn de foarm fan kabaretploech 'Griene Sjippe'. It wie even wennen om't it 'net eigen' wie, mar 'Griene Sjippe' soarge foar in treflik stikje fermaak. De ploech komt fan ferskate doarpen út midden-Fryslân en it wie it achtste offisjele optreden mei it stik 'Ynlade Oplade'. It sitk hie as tema de hjoeddeiske konsumpsjemaatskippij. It foel by de Eastermarders goed yn de smaak.

 

Image
Omtinken foar de braderykommisje

 

 

 

Oar doarps- en ferieningsnijs:
Ek nijsgjirrich: