It wie in gok om it út te stellen mar it hat goed útpakt; perfekt waar om even te sneupen op 'e Bolstermerk.
Om seis oere moarns waard úteinsetten mei it útstallen fan al it sammele guod, dat de ôfrûne wike by de Eastermarders ophelle is.
De koopjesjagers stienen al om healwei njoggenen foar it hek te wachtsjen om as earste de moaiste saken der út te sykjen.
Muzyk, kofje en hamburgers brochten sfear op in och sa gesellige merk.

Nei alle gedachten hat dit de lêste kear west dat de merk op it karakteristike plein foar de Bolster plak fûn hat. Oare jier om dizze tiid moat it nije skoalgebou nammentlik klear wêze.

bolstermerk3.jpg

Oar doarps- en ferieningsnijs:
Ek nijsgjirrich: