Wat moai dat it wer kin!
Nee, it wie gjin tafal de beide boargemasters (Tytsjerksteradiel en Achtkarspelen) oan te treffen op de earste terrasdei, op it Breed yn Eastermar. Netsjes nei wurktiid, om healwei seizen. It earste terrasdrankje smakke de mannen poerbêst!
Doel fan de komst fan Jeroen Gebben en Oebele Brouwer wie om in PR-filmke fan de beide gemeentes te meitsjen oer de nije situaasje wat de coronamaatregels oanbelanget.
Dit is it boadkip: "Tige moai dat it terras iepen kin, en wat hawwe wy mei ús allen der nei út sjoen. Mar oan de oare kant... corona is net fuort. De sikehûssifers lykje noch net goed. Dus terrasgongers: nim jimme ferantwurdlikheid en hâld jimme oan de maatregels. Mar it goeie nijs is wol: de earste stap is set!”
Takom sneon wurdt der in begjin makke mei it grutte terras op it Breed. Tink oan de opset fan ferline jier, mei dit ferskil dat der in paad tusken de terrassen troch komt foar fytsers, scootmobyls, ensfh.
foto's: Albert Bakker
Film: Hielke Jan Ellens
-
- Informatie
- 28 maart 2024
Nijs fan de Iterstùn en it Itersbosk
Groene lentekriebels in de Iterstún: er zijn ladingen groenten gezaaid die straks geplant worden op... Fierder lêze » -
-
- Informatie
- 26 maart 2024
Preamsilen op de mar: 4 maaie 2024
Lykas ferline jier sil ek yn 2024 de Burgumer Mar wer it toaniel wêze fan ferskate wedstriden fan de... Fierder lêze » -
- Informatie
- 24 maart 2024
Keningsdeifeestje
Kontaktpersoan: Frieda FaberTelefoan: 06-21262256 Fierder lêze »
-
- Informatie
- 13 februari 2024
Entûsjast stel hat nocht oan Meerzigt én oan Eastermar
Sy wenje der noch mar in pear dagen, Warner en Laura Sinnige, yn it pân dat eltse Eastermarder wol k... Fierder lêze »