Saterdei 14 juny wie it safier: foar de twadde kear dielnimme oan ‘e Slachtemaraton. Om 6.40 oere moasten wy opstappe yn Ljouwert. Mei in fertraging fan in lyts healoerke setten wy ôf nei de seedyk by Easterbierrum. Op ‘e seedyk stiene Slachtiatoaren dy't oan alle kuierders de segen meijoegen om de tocht ta in goed ein te bringen. In groep fan likernôch 15 Eastermarders koe om fiif oer achten starte en mei de wyn in ‘e rêch en in noflike temperatuer ôfsette foar in tocht fan 42 km oer de Slachtedyk. Op 'e maat fan it lûd dat út de nije skuon fan Jannes kaam, binne wy úteinset. Underweis kamen wy alderhanne foarstellings tsjin fan bygelyks BUOG (Bedenkers en Uitvoerders van Ongewone Gebeurtenissen), saneamde skouplakken. Yn oerlis mei de bewenners fan Peins, Arum, Kûbaard en Hidaard ha sy teaters lâns de Slachte makke. Fierder wiene der lâns de rûte korpsen, Shantykoaren, strjitte-artysten en dûns- en slachwurkgroepen opsteld om de kuierders te fermeitsjen.

herschaalde kopie van slachte.jpg

Nei't de lêste groep kuierders om 11.00 oere fan start gien wie, soe der in muzikale ‘wave' ynset wurde. In Fryske 'weach' fan 42 km lang. Alle kuierders krigen by de start in weachbûsdoek. Hjirmei moasten wy op it momint fan ‘e WEACH swaaie en it slachteliet 'Allinne rinsto noait...' sjonge.

As kuierders ha wy net folle fan dizze muzikale weach fernaam. Healwei de tocht hiene wy by Kûbaard ús earste stop. Hjir waarden wy opwachte troch Michel en Helena. Hja hiene sop, kofje, broadsjes esfh. foar ús by har. Nei in ûnderbrekking fan in healoere, setten wy ôf foar it twadde part fan ‘e tocht. De waarsomstannichheden koene net better, mei hieltyd de wyn yn ‘e rêch en in flau sintsje op ‘e holle. Dochs koene wy fernimme dat wy hieltyd mear kilometers yn ‘e fuotten krigen. Mar it entûsjasme fan ‘e minsken oan 'e kant fan ‘e Slachtedyk en de kulturele en muzikale ferrassings ûnderweis soargen derfoar dat wy dêr net te folle ‘by stilstienen'.

Us twadde stop wie by Boazumersyl. Hjir ha wy miskien tsien minuten de tocht ûnderbrutsen en gebrûk makke fan ‘e fersoarging. Fan dit plak ôf wie it noch acht kilometer nei de finish yn Raard. In part fan dizze acht kilometer moasten wy oer gers- en sânpaden rinne en dat makke de lêste ein der net nofliker op. Yn Easterwierrum waarden wy nochris goed oanmoedige troch bewenners en taskôgers en koene wy ús opmeitsje foar de lêste twa kilometer. Hjir kamen wy in kuierder temjitte, dy't sei; "It is my te fier, ik gean werom!"

Om 16.45 oere stapten wy yn Raerd oer de finish. Yn Raerd wie it gesellich en drok en mei in foldien gefoel, in grutte blier en in tsjokke knibbel bin ik oer de finish kaam. Achter de feesttinte ha wy noch in glês bier dronken en doe stie der in bus foar ús klear om ús wer nei Ljouwert te bringen. De tizeboel nei ôfrin fan ‘e tocht yn 2004 mei it ferfier fan de kuierders nei Ljouwert ta ha wy lokkich net wer meimakke.

De organisaasje wyie goed en wy kinne weromsjen op in prachtige dei kuierjen troch in moai stikje Fryslân en in barren dêr 't wy yn Fryslân grutsk op wêze meie.

Eelke Hoekstra,
Ien fan de Eastermarder Slachtekuierders

Oar doarps- en ferieningsnijs:
Ek nijsgjirrich: