... it Heechsân!

Och wat wie it spannend. En wat wie it in moaie presintaasje mei filmkes én foto's én duo Tineke & Wietske. En wat seach eltsenien der prachtich út. Gala, western en alles wat dêr tusken sit. De Oscar-útrikking wie in feest foar it each.

Wietske en Tineke
Presintaasjeduo Wietske & Tineke

Opfallend hege kwaliteit fan de buertfoarstellings, dat is ien fan de konklúzjes by it úteinsetten fan it doarpsfeest. En de winner wie dus it Heechsân, dat 'de Daltons' as film útkeazen hie. Wa't it noch net sjoen hat, freed mar even op 'e fyts nei it Heechsân, want it is de muoite wurdich.

In fertsjinne twadde plakje wie der foar de Skoallestrjitte mei de film 'Titanic'. Ek prachtich dien. Tredde de E.M. Beimastrjitte mei 'Nova Zembla' mei ferklomme manlju, iisberen, in skip yn it Wâltsje en in Doutzen op de skommel.

It feest is los en der komme noch twa moaie dagen!

De foto's fan de buertfoarstellings sille letter op dizze side publisearre wurde.

Oar doarps- en ferieningsnijs:
Ek nijsgjirrich: