Hoe komt it mei it waar? De hiele wike seach men guon Eastermarders hieltyd omheech sjen, stoarjend nei de safolste bui dy 't driigjend op ús doarp ôfkaam.
Mar nei 10 jier hoecht men der eins net oer yn te sitten, Easterbarren stiet altyd garant foar goed festivalwaar, dus no ek. Fansels...
Noja, by't opbouwen binne wat frijwilligers dweiltrochwiet wurden en dan dy iene bui fan fiif minuten dy 't om in oere of seis eltsenien wer fris makke. It soarge foar aardige en hilaryske tafrielen. Want ja, wat dogge jo as profesjonele artyst fan 10 jier. Moatst dan trochdûnsje of ophâlde en in skûlplak sykje?
Sa waard it even in bytsje Woodstock op it Easterbarren.
Woodstock yn Eastermar, Foto Saskia van den Berg
De jubileumedysje fan it strjitfestival hat wer foar hiel wat pikefelmominten soarge. Op de tolve poadia wie fan alles te beharkjen en te sjen. 't Wie like drok as ferline jier en eins ûnmooglik om alles te belibjen en oeral by te wêzen. Sa belibbe eltsenien, besikers, frijwilligers en de 500 artysten, syn eigen Easterbarren mei elk syn of har eigen pikefelmomint.
Wie it de gouden kiel fan Carla de Bruine (de winner fan de Eastermarder stipepriis) mei 'Hallelujah'. Of wiene it 'The Dancing Girls' ("Mem, meie wy no begjinne?"). Of de keunsten fan sirkus Saranti? De 'Rikke iel op freed' (fariaasje op 'The eagle flies on friday') Fryske bluesfertolking fan de Healers. Of de fluwielen brass-toanen fan Crescendo yn 'e mande mei Piter Wilkens. Of wie it hielendal oan de ein, al yn 't tjuster, doe't Lechery út ein sette mei it yntro fan 'Where de streets have no name' fan U2? Folje it fierder hjirûnder sels mar yn.
Pracht en Praal op it Easterbarren mei Tineke en 'op wa lykje ik' Wietske, foto Albert Bakker
En it waar.. it wie net te leauwen. Under it foarlêste nûmer fan Lechery begûn it wat te spatten en om tolve oere, doe't de muzyk dien wie, de lêste feestnûmers harren yn 'it Breed' weromlutsen hiene, kaam der tonger en rein. En spielden de strjitten fan Eastermar wer skjin.
Moatte wy it no wer in jier sûnder kultuer dwaan yn Eastermar? Nee, gelokkich net. Want mennich besiker krige in jierkalinder fan Theater Meerzigt yn 'e hannen drukt. In hiel jier keunst en kultuer stiet ús te wachtsjen op 'e hoeke fan de E.M. Beimastrjitte, fia dizze link del te heljen...
De útslach fan de Eastermarder Stipepriis:
1. Carla de Bruine (€ 150,--)
2. Chippin' Blues (€ 100,--)
3. Diskutabel (€ 50,--)
3. Sietske en Machiel (€ 50,--)
-
- Informatie
- 17 april 2024
Factsheet herstel brug Skûlenboarch
Op 3 februari van dit jaar raakte de brug bij Skûlenboarch zwaar beschadigd door een aanvaring. Het... Fierder lêze » -
- Informatie
- 12 april 2024
Eastermar is...
…nije autoladerij foar it BetterSkip oer. Meikoarten yn funskje. Fierder lêze » -
- Informatie
- 12 april 2024
Oud-Eastermarder Gepke Hoekstra exposeert in KAF
Studenten en alumni exposeren van 27 april t/m 5 mei in de werkruimtes van Kunstacademie Friesland m... Fierder lêze » -
- Informatie
- 12 april 2024
Bedankt Eastermarders
Al mear as 10 jier sammelet Eastermar moanliks produkten yn foar de Voedselbank Tytsjerksteradiel. Fa... Fierder lêze »
-
- Informatie
- 07 september 2023
Team Easterbarren bedankt…
Afgelopen zaterdag was het de 21e keer dat Straatfestival Easterbarren werd gehouden. Wát weer een f... Fierder lêze »