It wettersportseizoen sit der wer op. Us passentenhaven is sûnt 1 oktober sluten. Tiid op de balâns op te meitsjen.
Dit jier hat in útsonderlik jier west. De nije passantenhaven wie noch net klear en passanten moasten oanlizze by de brêge. Neffens ferskate reaksjes moatte der aardich wat skippen trochfean hawwe.
Brêgewipper Douwe hat as oansprekpunt foar in protte passanten wol syn bêst dien om skippen yn it doarp te hâlden. Famylje de Jong fan de Sumarderwei hat dit jier 'gasthear' west. De boatsjeminsken koene op harren hiem te plak foar de nedige sanitêre foarsjennings.
As wy dan nei de sifers sjogge, dan falt it noch mei. It tal skippen is net iens safolle leger as foarich jier. Yn maaie hawwe wy de measte passanten misse moaten. En dat is achternei wol logysk want op dat stuit wie it op de Komerk noch in dikke bende. Foar passanten seach dit der doe net sa oantreklik út; reden om troch te farren.
Oare jier is wurdt it spannend, dan sil it tal boaten omheeck moatte. Op de Komerk is plak foar 30 skippen.
-
-
- Informatie
- 26 maart 2024
Preamsilen op de mar: 4 maaie 2024
Lykas ferline jier sil ek yn 2024 de Burgumer Mar wer it toaniel wêze fan ferskate wedstriden fan de... Fierder lêze » -
- Informatie
- 24 maart 2024
Keningsdeifeestje
Kontaktpersoan: Frieda FaberTelefoan: 06-21262256 Fierder lêze » -
- Informatie
- 24 maart 2024
Gerbrich & It Grutte Guod t.b.v. World Servants
Op donderdag 4 april treden Gerbrich & It Grutte Guod op met hun programma Trav'lin in the footsteps... Fierder lêze »
-
- Informatie
- 11 januari 2024
De iismasters fan 'e Komerk sizze: it kin net
"Skande.""Spitich""Jammer, der hie krekt ien nacht langer froast wêze moatten."Gemiddelde dikte is 5... Fierder lêze »