Foar de gelegenheid mocht de nije muzykynstallaasje even oan. In hichtepunt yn de skiednis fan de iisbaanferiening: it oansetten fan de wetterpomp op 'e Komerk. Fansels wie it folsleine bestjoer oanwêzich om dizze hannelingen foar de earste kear mei te meitsjen. De pomp sil krekt sa lang trochdraaie oant de nije iisbaan folslein ûnder wetter stjit. In slûf yn de daam tusken iisbaan en de Snakkerbuorren bepaald de hichte fan de wetterstân yn de iisbaan. Omdat it gers frij lang is (der koe net meand wurde omdat it lân te sompich wie) moat der dit jier flink wetter yn.
De Komerk leit boppe NAP, fandêr dat der in pomp nedich is om it wetter yn de iisbaan te litten. Kommend foarjier is it in kwestje fan de slûf wer iepen sette; it wetter moat dan út himsels wer fuortrinne.

De lange baan foar de wedstriden is al útset, de poeiermolke yn it nije foarsjenningshúske stjit al klear, no de froast noch...
Mear yn de 'Actief' fan kommende wike.

iisbaan-sluf.jpg

Oar doarps- en ferieningsnijs:
Ek nijsgjirrich: