It tal graafmachines, diepladers en oar materieel, bulten en gatten oertreffe gemakkelijk de 'loopgravenoarloch' op de Komerk, ôfrûne winter. Wa 't no bygelyks op de Achterwei delfytst/rint, de kant fan it Heechsân út, kriget de yndruk dat der in komplete ruilverkaveling mei grûn en al oan de gong is. Of dat men de Wâldwei oan it ferlizzen is nei Skûlenboarch ta.

Mar nee, dat is it allegear net; fan Grypstsjerke oant Wieringermeer ta wurdt der in nije gasleiding oanlein. Der skynt in te koart oan gas te wêzen yn Rânestêd, omdat de reservers op de Noardsee minder wurde. Mear hjir oer is te lêzen op www.gwwl.nl
En ja, sa'n buis moat dan fansels dwers troch ús moaie dykswâllengebiet oanlein wurde.

gasleiding.jpg

Oar doarps- en ferieningsnijs:
Ek nijsgjirrich: