De ôfrûne wiken ha by de doarpssuper ‘Alles ûnder ien Dak’, by ‘it Betterskip’, yn ‘De Kjellingen’ en yn doarpsskoalle De Twirre’ hantekeninglisten lein. Dêrop koe oanjûn wurde dat de ûndertekenaars har stipe joegen oan de aksje om de feilichheid fan it oerstekplak by de Litsbrêge te fergrutsjen. Dy stipe ha de doarpsgenoaten en oaren romhertich jûn, fine inisjatyfnimmers Wytske Zandstra en Wijbe Postma, want 100 (!) hantekeningen binne set.

Wat no fierder?
Mei de positive reaksjes op dit plan yn ‘e achterholle kin kommende tongersdei ynsprutsen wurde op it ‘Iepen Poadium’ fan de gemeenteried. By dy ynspraak sil nei foaren brocht wurde dat in snelheidsferleging fan 80 nei 60 km/o. en in better sichtber meitsjen fan it oerstekplak nedich is. Benammen ek omdat skoalbern út ‘e Tike gebrûkmeitsje fan dy oerstek.

Dat ynsprekken bart tongersdei 16 maart om 19.30 o. yn ‘e riedseal fan it gemeentehûs yn Burgum en is te folgjen op de side fan de gemeenteried. Fansels is de riedseal ek fisyk tagonklik.

Wytske Zandstra en Wijbe Postma

fytspaad sumarderwei

 

Oar doarps- en ferieningsnijs:
Ek nijsgjirrich: