Sûnt ôfrûne hjerst makke in tal Eastermarders him soargen oer de minne tastân fan it âld brêgehaad. Der foelen gatten yn, de kademuorre fertoande
grutte skuorren en der wie noed dat der in stik wâlkant samar ynsakje koe. Dat soe gefaarlike sitewaasjes jaan foar minsken op ‘e wâl of skea besoargje oan ‘it doarp Eastermar’ as it skûtsje dêr lei.

Dizze soarch is útsprutsen nei de gemeente en dy hat daliks de saak besjoen. It gefolch fan dat ûndersyk is dat der sûnt ferline wike wakker hurd wurke wurdt om de brêge-ein wer feilich te meitsjen en in better oansjen te jaan. It bedriuw Kuipers Waterbouw Dokkum BV, spesjalisearre yn ditsoarte wurk, is dwaande mei it slaan fan in nije houten wâlbeskoeiïng. Dêrnei sil der om it keunstwurk fan Frans Ram hinne (sitbank mei bôge) op ‘e nij fluorre wurde.

Hoelang’t dit allegearre krekt duorje sil is min te sizzen. Wis is dat it âld-brêgehaad der nei dizze opknapbeurt wer piko-bello hinne leit, sadat mannich fytser, kuierder, toerist èn doarpsgenoat  him dêr wer efkes rêstich en feilich deljaan kin.

brug1

brug2

brug3

Oar doarps- en ferieningsnijs:
Ek nijsgjirrich: