It wie in bytsje feest tongersdeitemoarn 23 july yn ús doarpssuper: de Fryske flagge út, kofje en tee stie klear en ek wie der gebak. Want nei twa mislearre pogingen – ien yn april troch de strange koroanaregels en ien ein juny troch in ferkearsopstopping – kaam de kommisaris fan ‘e Kening dochs op besite.
Drs. Arno Brok woe by dizze wurkbesite graach op ’e hichte steld wurde fan hoe’t it der yn de iennige folslein Frysktalige supermerk fan Fryslân om en ta giet. Hy waard mei kofje en oranjekoeke ûntfongen en krige útlis oer hoe’t dit projekt ta stân kaam en mei help fan ‘e Afûk stal krige. De kommisaris hie him goed taret op ‘e besite, want hy wist al in soad fan Sjouke en Sippy Wijnsma. Hy wie fol lof oer dit inisjatyf en yn in Twitterberjocht rôp de provinsje oare supermerkhâlders yn Fryslân op om dit nijsgjirrige idee op te folgjen!
Sippie toande har in echte gastfrou: hja skikte de sjauffeur, dy’t yn ‘e tsjinstauto sitten bleaun wie, ek in bakje kofje mei oranjekoeke ta. En Sjouke soarge derfoar dat kommissaris Brok net mei lege hannen yn it Provinsjehûs werom kaam. De heechste provinsjebestjoerder krige in tas mei hearlike streekprodukten mei.
Foto's : Tjitske Wijnsma
-
- Informatie
- 24 april 2024
Ea wedstrijdverslag skûtsjesilen Langwar
Na twee trainingen op de Burgumer Mar was het afgelopen weekend tijd voor de eerste wedstrijden van... Fierder lêze » -
- Informatie
- 22 april 2024
Doop skûtsje de Broekophâlder een feestelijk spektakel
Na een geslaagde tweede training op de Burgumer Mar stond de bemanning van skûtsje De Broekophâlder... Fierder lêze » -
- Informatie
- 17 april 2024
Factsheet herstel brug Skûlenboarch
Op 3 februari van dit jaar raakte de brug bij Skûlenboarch zwaar beschadigd door een aanvaring. Het... Fierder lêze » -
- Informatie
- 12 april 2024
Eastermar is...
…nije autoladerij foar it BetterSkip oer. Meikoarten yn funskje. Fierder lêze »
-
- Informatie
- 04 december 2021
Humberto Tan op 'e syk nei postkoadegelok
Is Eastermar noch mar krekt bekaam fan de komst fan Tom Waes, spaant Humberto Tan samar troch ús doa... Fierder lêze »