Dat Eastermar en syn ynwenners in goed ynsicht hawwe yn de eale sylsport is wol bekend. 'It doarp Eastermar' gie as 'de brandweer' fan de C- nei de B- nei de A-klasse mei in betûfte skipper en bemanning. Mar no docht bliken dat der ek oan 'e wâl hiel wat kennis sit. Omrop Fryslân organisearre de SKS-skûtsjepool dêr't dielnimmers alle dagen de top-3 foarsizze koenen. Foaral as ien fan de winners op it krekte plak pleatst waard  levere dat punten op. Eltse dei wie der in dei-winner en oer it totaal wie Tineke Wink fan Eastermar dus earste! 'De beste stuurlui ...'

skTineke hie 38 punten en hat in midwike bungalowpark foar 6 persoanen wûn. Tineke, lokwinske en we hoopje dat dit in hiel goed foarteken is foar 'it doarp Eastermar'...
Op de side fan Omrop Fryslân kin trouwens alle dagen wer meidien wurde oan de IFKS-skûtsjepool.
skutsje3-8-2008

Oar doarps- en ferieningsnijs:
Ek nijsgjirrich: