Foar guon Eastermarders is neat te gek. Henk Knippenberg fan 'Rij- en Mencentrum 't Heechsân' krige it fersyk om foar in breidspearke midden yn 'e nacht in rûnrit te fersoargjen. Breidspear Van Zwieten-Egberts woe ris wat oars en liet him nei it feest yn 'De Pleats' yn Burgum ophelje en makke dêrnei in nachtlike rûnrit troch Burgum mei in iepen Landauer mei in bespanning fan twa prachtige Friezen.

nachtelijk_mennen.jpg

nachtelijk_mennen2.jpg

Oar doarps- en ferieningsnijs:
Ek nijsgjirrich: