Yn ús ferslach fan de bizarre postkoadelotterijwike hiene wy der al in lyts bytsje melding fan makke, mar no is't offisjeel bekend.
It idee om in fûns op te setten foar Eastermarders of Eastermarder projekten dy't stipe brûke kinne, kriget serieuze foarmen, no't de trije Eastermarder inisjatyfnimmers help krije fan û.o. âld-Eastermarder en notaris Eabe Veerman.

Letter sil op dizze side side út 'e doeken dien wurde hoe't it allegear komt mei it Eastermarder Kanjerfûns.
It idee hat flink omtinken krigen. Nynke de Jong en Anne Oosterdijk wiene bygelyks live yn de studio fan Omrop Fryslân Televyzje foar in ynterview.

Ferwizingen:


Fonds Eastermar

 

Oar doarps- en ferieningsnijs:
Ek nijsgjirrich: