Sa lang't der yn Eastermar in feemerk west hat, wie Jan Atsma derby. Krapoan 50 jier lyn begûn it allegearre. Jan syn heit, wethâlder Atse Atsma, iepene de earste feemerk fan Eastermar. En sûnt dy tiid wie it in kombinaasje dy't net mear los fan elkoar te sjen wie. Gjin doarspfeest sûnder diskemerk, loads of feesttinte. Gjin diskemerk sûnder feemerk. En gjin feemerk sûnder Jan Atsma.

IMG 2559

Allegearre opset troch minsken út de agraryske sektor - feehannel, entûsjaste Eastermarders fansels - ta in prachtig barren! Noch alle jierren in grut sukses. De feemerk groeide út ta de grutste mingde jiermerk fan Fryslân; hjir wiene mear as allinne hynders te besjen. Oant de MKZ-krisis om de hoeke kaam te sjen, wiene der kij, hynders, skiep en allerhanne lytsfee. Eastermar wie fan alles fersjoen: feehanneler Lammert van der Lei foar de oanfier, Douwe Brouwer, as ynkeaper fan Brada, foar de ôffier, Eastermarder boeren en Leanbedriuw Brouwer mei trekkers en weinen regelen hast alles. Mar alles ûnder tafersjoch fan 'Marktmeester' Jan Atsma. Der ûntgie him neat, toutsjes stevich yn hannen en mei eltsenien kontakt. Nei MKZ binne der in protte jiermerken ophâlden. Mar Jan soarge derfoar dat Eastermar wól trochgie. Jan wie en is in ferbiner en hat alle jierren de feemerk mei foarmjûn.

Ale Brouwer, dy't mei Willem van der Heide en in prachtige ploech frijwilligers de taken fan Jan oernimt, hat mei in taspraak Jan yn 't sintsje set. It wie Jan al gau tefolle ear, mar dat nimt fansels neat wei fan wat him takomt! 

Jan sjogge we fan no ôf yn in oare rol troch it publyk skarreljen mar sil der fansels altyd noch by hearre.
Tige tank Jan Atsma !  (Hjir mear foto's...)

Oar doarps- en ferieningsnijs:
Ek nijsgjirrich: