Eastermar maitiid 1945. Feest fanwege de befrijing, 65 jier ferlyn, mar deroan foarôfgeand hie Eastermar te krijen mei oarlochsevakuees út Limburch en de Betuwe en mei hongerbern út it westen fan Nederlân. Wat is it ferhaal dat dêr byheart? Op freed 16 april, de middeis om 14.00 oere, sil yn De Pleats yn Burgum de presintaasje plak ha fan it boek

'Eastermar, de Oorlogsevacués en de Hongerkinderen in 1945',

gearstald troch Elle Bosma, Ids Groenewoud en Sjoerd Veerman. It earste eksimplaar sil oanbean wurde oan boargemaster Polderman fan Tytsjerksteradiel, it twadde eksimplaar oan Feike Hamstra, foarsitter fan Doarpsbelang Eastermar. It boek, A4-formaat, 135 bledsiden, gâns (âlde) foto's, is dêrnei te keap foar € 12.50. De boekpresintaasje is allinnich foar minsken dy't oan it boek meiwurke ha en dêrfoar útnoege binne.

Oar doarps- en ferieningsnijs:
Ek nijsgjirrich: