Op moandei 7 septimber om 20.25 oere op Ned. 2 is yn it aktualiteiteprogramma ‘Netwerk’  in reportaazje te sjen fan ‘doarpsgenoate’ Doutzen Kroes. In kameraploech hat opnamen makke yn New York en yn Tanzania dat hja besocht as ambassadeur fan Dance4life, in organisaasje dy’t him yn ‘e mande mei jongeren ynset om de fersprieding fan hiv en aids yn ‘e hiele wrâld tsjin te gean.

Ek ‘it doarp Eastermar’ komt eefkes yn byld: de patrones fan it Eastermarder skûtsje hat mei de kameramannen in slach oer de Mar west.

As ambassadrise fan de Fryske taal koe Doutzen har aai net kwyt: de fiertaal mocht fan de Netwerk-einredakteur út noch yn net Frysk wêze...

Sjoch ek op de Netwerk-side foar mear ynformaasje oer it programma.

Oar doarps- en ferieningsnijs:
Ek nijsgjirrich: