Ferline wike skreau ús grientespesjalist Jannes Hamstra in wedstriid út wa’t de lekkerste appelsmots siede kin. Dus gjin potsjes smots fan fabrikanten fan wa't de nammen hjir no net neamd wurde sille, nee, echte selsseane smots fan farske appels. Sechtjin dielnimmers út ús doarp lake dat wol oan. De priis? In koer fol fruit mei in wearde fan 25,-
De sjuery hie der in drege put oan om in winner út te sykjen. Mar nei ryp berie is Riek Bosma de winner wurden. Wat it geheim fan in lekkere appelsmots is? It resept komt út in itensiedersboek út it jier 1949. Hiel yn it koart giet it sa: In kilo ringenetten, 100 ml wetter, in kertier lang siede en it deksel derop hâlde. As lêste in ûns bastertsûker deryn dwaan.
Op de foto rikt Jannes Hamstra de koer út oan de winner.
-
- Informatie
- 28 maart 2024
Nijs fan de Iterstùn en it Itersbosk
Groene lentekriebels in de Iterstún: er zijn ladingen groenten gezaaid die straks geplant worden op... Fierder lêze » -
-
- Informatie
- 26 maart 2024
Preamsilen op de mar: 4 maaie 2024
Lykas ferline jier sil ek yn 2024 de Burgumer Mar wer it toaniel wêze fan ferskate wedstriden fan de... Fierder lêze » -
- Informatie
- 24 maart 2024
Keningsdeifeestje
Kontaktpersoan: Frieda FaberTelefoan: 06-21262256 Fierder lêze »
-
- Informatie
- 23 december 2023
Eastermar is...
...by Otte yn 'e rige wachtsje foar in krystmiel. Fierder lêze »